|
Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn foardat ik wer in nacht yn it tsjuster ferdwyn ik kom hjir al salang, do kinst my sa goed en ik wol net wer allinne nei hûs ta gean hjoed
It is slutingstiid en de kroech is al leech en wat ik dy freegje is wier net sa dreech de wrâld fan tsjintwurdich, it giet on my foarby mar dat kin ik ferjitte as ik dûnsje mei dy
Sis Jitske myn frijheid, dêrfoar doch ik in moard mar myn jild smyt ik altyd as wetter oerboard de bern hjir se sjogge my as in alkoholist mar ik focht ek foar har frijheid, ik wie in baas masinist
'k Ha de oarloch oerlibbe, it lok lake my oan mar myn maten fan eartiids binn' allegear al ferstoarn hege piken, djippe deltes, sa gie dat mei my en lit my no dûnsje, dûnsje mei dy
Sis Jitske ik ha my noait bûn oan in frou 'k ha it in pear kear besocht, mar ik wie sy net trou ik ken elke haven, ik ken elke hoer en krige ik de kâns, dan die ik it grif oer
Do wolst it net leauwe, mar 'k wie in tûke jong fint en ik libbe foar de folle twahûndert prosint ik libbe sa blier en sa rom en sa frij mar kom lit my dûnsje, dûnsje mei dy
Sis Jitske, sis fanke, it is om dy dat ik hjir kom do litst my mar seure en ik praat soms sa dom ik wit it wurdt hurd minder mei 't âlde ferstân mar draai noch in bandsje en jou my dyn hân
Myn libben hie kleur en it wie lang net min en om hjir fuort te tarren, dêroan ha 'k gjin sin alles wat ik noch ha, o do krijst it fan my as ik noch ien kear dûnsje, ja dûnsje mei dy
Sis Jitske, sis fanke, skink my nochris yn foardat ik foargoed yn it tsjuster ferdwyn |